Minne skoare hjerringtest

17 jul 2010 - 13:58

Ut de jierlikse hjerringtest komt Fryslân der min út. Neffens de krante Algemeen Dagblad, hat Ida's visservice yn Grou de minste hjerring fan Fryslân. De saak krijt in 2 foar syn hjerring. Ida's visservice stiet op plak 82 fan de 105.

Yn de test steane noch fjouwer oare Fryske fiskhannelers. Visspecialiteit Abbink yn Snits skoart dêrfan it bêste, mei in 5,5. Dizze saak stiet op plak 53.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)