Minne simmer, mear wimpels

15 des 2011 - 19:16

Rekreaasjeskip De Marrekrite hat dit jier wer mear wimpels ferkocht as yn 2010. Dat is tongersdei op de gearkomste fan it algemien bestjoer bekend makke. Der waard ek bekend dat direkteur Jack van den Berg der takom jier mei ophâldt. Per 1 juny siket de Marrekrite in nije direkteur en ek in technysk koördinator.

Earder waard al bekend dat de Marrekrite it ûnderhâld fan it fytsknooppunt-netwurk oernimme sil. De buordsjes op de rûtes sille fan takom jier ôf stadichoan ferfongen wurde troch nije, dêr't dan ek op komt te stean dat de Marrekrite it oansprekpunt is foar de bebuording.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)