Minne seediken fersterkje

22 jan 2008 - 10:24

Wetterskip_Fryslân ferbetteret oant it jier 2015 op fjirtjin plakken de diken oan Waad en it Iselmar. It giet om diken dy't net foldogge oan de feiligensnoarm.

It Ryk hat lanlik noarmen fêststeld en ôfspraken makke oer de dykfersterking. It wurk wurdt betelle troch it Ryk en útfierd troch it Wetterskip. It Amelân en Skylge binne it earst oan bar. Dêr wurdt 21 kilometer dyk op sterkte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)