Minne oansluting bus en boat

06 nov 2007 - 12:52
  • It gebeurt te faak dat de bussen sa fol sitte dat toeristen net mear meikinne

De gemeente Amelân hat skjin har nocht fan de folle bussen tusken Holwert en Ljouwert. It gebeurt geregeld dat de bussen sa fol sitte dat toeristen en eilanners net mear meikinne. Ek rydt der somtiden gjin bus. De reizgers moatte dan wachtsje oant de folgjende bus en dêrtroch misse sy de boat nei it eilân.

Ek wachtsje de bussen net op fertrage boaten. De reizgers komme dan net fierder as de Holwerter pier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)