Minne molkgebitten jonge bern

19 maaie 2011 - 16:24
  • Min bernegebit (foto: Omrop Fryslân)

Hieltyd mear bern ûnder de seis jier hawwe in min gebit. Hast ien op 'e fjouwer hat gatsjes of rottige tosken yn it molkgebit. Dat komt benammen troch swiet drinken yn sûchfleskes en de hiele dei troch ite.

De GGD en it MCL besykje mei in foarljochtingskampanje de problemen ûnder de oandacht te bringen. De bern moatte al hiel jong in pittige behanneling ûndergean. Sadwaande wurdt de eangst om nei de toskedokter te gean allinnich mar grutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)