Minne lûden oer gemeentegids

24 aug 2006 - 09:07

Stichting Welzijn Ouderen Leeuwarden SWOL is min te sprekken oer de nije gemeentegids fan de gemeente. Dêr stiet safolle ûndúdlike ynformaasje yn dat er neffens de stichting hast net te brûken is. Ynstellings binne net te finen, of stean der net iens yn. It tal advertinsjes soarget ek foar irritaasje.

De gemeente is ek net bliid mei de gids. It kontrakt mei de útjouwer wurdt dêrom net ferlingd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)