Minne jirpel rispinge

09 sep 2008 - 12:37
  • Der komme minder jirpels fan it lân
  • De kwaliteit is ek net goed dit jier

De droechte yn de ôfrûne moannen soarget derfoar dat der sa'n 20% minder jirpels rispe wurde yn fergelyk mei ferline jier. Dat seit Upt Hiddema fan lânbou-organisaasje LTO Noord. Op it stuit is sawat in tredde fan de rispinge út de grûn helle. De kwaliteit fan dizze jirpels is net al te bêst. Sa binne der in soad jirpels mei skurft.

Ek yn Grinslân, Noard-Hollân en de Noardeastpolder wurdt minder rispe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)