Minne ferhier iepen sylboaten

12 aug 2008 - 11:45
  • De ferhier fan iepen sylboaten sakket yn

De ferhier fan benammen lytsere, iepen sylboaten yn Fryslân sakket yn. Benammen by min waar is der kwalik fraach nei sokke boaten. Dy trend sinjalearje ferskate boatferhierders yn Fryslân.

In wurdfierder fan Maran_Yachtcharter yn Terkaple seit dat der dit seizoen net mear te folle minwaarwiken komme moatte. Oars bliuwt der fan de lytse winst neat mear oer. Minsken hiere faak op it lêst momint in boat en komme net by min waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)