Minne diken yn Opsterlân

29 jan 2003 - 00:00

De diken yn it bûtengebiet fan de gemeente Opsterlân binne min. Fan alle asfaltdiken is in kwart net goed neffens de lanlike noarmen. Fan de klinkerdiken is sels de helte net goed genôch. De minne tastân fan diken kin foar gefaarlike sitewaasjes soargje.

De gemeente wol gau ekstra jild frijmeitsje om de diken op te knappen. Op ferskate plakke steane al buorden dy't automobilisten warskôgje foar de minne diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)