Minne dei foar transport

15 jan 2013 - 16:24
  • It midden en suden fan it lân waard troffen troch sniefal

Transport & Logistyk Noard-Nederlân neamt it in lestige dei foar de transportsektor. De files troch de snie yn it midden fan it lân soargje foar in soad tiidferlies en ekstra kosten.
Transportbedriuw Veenstra-Fritom fan Heech hat dêr ek bot lêst fan: 25 frachtweinen fan it bedriuw hawwe fertraging. Dy fertraging rint op oant wol trije oeren. De skea rint yn 'e tûzenen euro's, neffens adjunkt-direkteur Wijnia.

It is net allinnich drok op 'e dyk. In soad klanten skilje ek om te freegjen hoelang't de fertraging duorret fanwege de levering.

Der binne tiisdei sawat 140.000 frachtweinen op 'e dyk, seit Transport en Logistyk Nederlân. Sy rûze de skea foar de Nederlânske transportsektor allinnich foar tiisdei op tusken de 5 en 10 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)