Minne dei foar haadklassers

19 mrt 2006 - 08:11

De Fryske haadklassers ha sneon in minne dei hân. ONS út Snits ferlear by it leechsteande Go Ahead Kampen mei 1-0. ONS stiet noch wol boppe-oan yn de haadklasse.

ONS bewiisde Drachtster Boys sadwaande ek net in goede tsjinst. Go Ahead Kampen is in konkurrint foar de Drachtsters yn de striid om degradaasje. Foar de Drachtsters komt dat no hieltiten tichter by. De ploech ferlear sels mei 2-0 by Excelsior '31.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)