Minne bussen by Arriva

22 feb 2007 - 11:16
  • Alle Arrivabussen opnij foar de keuring

Arriva hat de lêste twa jier fan 'e konsesje yn Súd- en Noardwest-Fryslân mei minne bussen omriden. In soad fan dy bussen ride no yn Noard-Brabân. Dêr binne 21 ôfkard. Dat seit Ed van Eijbergen fan FNV-bondgenoten. Arriva riidt no noch yn it Súdeasten fan 'e provinsje. Direkteur Hettinga fertelde tongersdei hoe't Arriva de bussen wer op oarder krije wol. Lanlik wurde 80 fan de dyk helle. 900 oare bussen wurde sagau mooglik opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)