Ministers op besite yn Fryslân

27 okt 2013 - 12:16
  • Minister Jet Bussemaker

Fryslân krijt moandeitwa ministers op besite. Minister Kamp fan Ekonomyske Saken wurdt ferwachte by trije bedriuwen. Dêrby binne TRES internet op It Hearrenfean, Kiestra Labautomatisering yn Drachten en Wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert. Hy sprekt ek yn De Lawei yn Drachten foar de kommersjele klup fan Fryslân.

Minister Bussemaker fan Underwiis bringt in besite oan it Friesland College yn Ljouwert. Se wurdt dêr ûnder oare bypraten oer de nije oanpak fan foartidich skoalferlitters. It Friesland College skoart lanlik goed op dat punt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)