Ministerried praat net oer JSF

14 jun 2013 - 10:45

De ministerried praat freed net oer de JSF, de opfolger fan de F-16. Dat sei minister Jeanine Hennis fan Definsje foar it begjin fan de gearkomste. Neffens de minister is der fan beslútfoarming noch gjin sprake.

RTL Nieuws melde tongersdei dat de kar definityf op de JSF fallen is en dat de ministerried der freed oer prate soe. Der soe ien squadron yn Ljouwert komme en ien yn Volkel. Definsje sprekt tsjin dat der al in definitive kar makke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)