Minister yn berop om ranglist

25 jul 2008 - 20:23

Minister Ella Vogelaar giet yn berop tsjin it ferplicht iepenbier meitsjen fan in ranglist fan de 40 probleemwiken. De rjochter bepaalde earder dizze wike dat sy de list frijjaan moat. RTL Nieuws hie dêrom frege.

Vogelaar wol de brief net iepenbier meitsje om't dêr in folchoarder ynsit en dêrmei soene de bewenners fan de 'minste wiken' stigmatiseard wurde. Ek de Ljouwerter wyk Heechterp/Schieringen stiet op de list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)