Minister wol wenjen yn kantoaren makliker meitsje

07 maaie 2015 - 17:30
  • De kantoaren fan de Klanderij wurde omboud ta studio's

It plan fan minister Blok om kantoargebouwen geskikt te meitsjen foar wenjen, is neffens Arthur Matien fan Duurzaam Wonen allinnich mooglik as de gebouwen op in goed lokaasje stean. Oars is it neffens him gjin opsje. Hy is lykwols wol bliid mei de plannen.

Syn bedriuw ferbout op dit stuit De Klanderij yn Ljouwert om it geskikt te meitsjen om yn te wenjen. Yn Fryslân stiet ek sa'n 10% fan de kantoargebouwen leech. De minister wol it makliker en goedkeaper meitsje om de kantoaren te ferbouwen, ek omdat it goed is foar de wurkgelegenheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)