Minister wol weedplannen sjen

27 jun 2013 - 22:49

Gemeenten dy't eksperimintearje wolle mei it kweken fan weed meie har plannen taljochtsje oan minister Opstelten fan Justysje. Op fersyk fan de Twadde Keamer hat de minister útsocht om hoefolle gemeenten it giet, dy't sokke plannen ha. Yn Fryslân giet it om Ljouwert en Smellingerlân. Opstelten bliuwt tsjin regulearing of legalisaasje fan weedtylt, omdat dat yn striid is mei ynternasjonale ferdragen. Der is gjin romte foar gemeentlike inisjativen dy't dêr fan ôfwike. En Opstelten wol de gemeenten ek gjin falske hope jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)