Minister wol útlis Falcon-plan

07 apr 2006 - 15:12

It ministearje fan Ynlânske Saken wol útlis fan de provinsje oer it Falcon-projekt. Yn dat projekt lient de provinsje jild mei de oandielen fan enerzjybedriuw Nuon as ûnderpân.

De provinsje wol dy oandielen ferkeapje. Dat is oant no ta ferbean. Fia dizze konstruksje kin dochs profitearre wurde fan it jild dat de oandielen opsmite moat. GrienLinks Twadde Keamerlid Vendrik wol dat it kabinet de liening ferbiedt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)