Minister wol sportbuertcoaches

25 feb 2012 - 11:20
  • Website Sport Fryslân

Der moatte buertsportcoaches komme dy't oansteld wurde om minsken oan it sporten te krijen. Sportminister Schippers wol dêr alle jierren 10 miljoen euro foar beskikber stelle. De buertsportcoach fersoarget bygelyks yntroduksjelessen yn gearwurking mei sportklups en skoallen. Sport Fryslân is de leveransier fan sokke sportcoaches. De ynstelling is bliid mei it inisjatyf fan de minister.

In soad gemeenten hawwe no kombinaasjefunksjonarissen. Dy moatte bern risse foar sport en foar kultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)