Minister stipet dongplan LTO

28 apr 2014 - 17:52

It ministearje fan Ekonomyske Saken stipet LTO by it ûntwikkeljen fan in aksjeplan om ûngelokken yn dongsilo's foar te kommen. Dat seit minister Lodewijk Asscher nei oanlieding fan it rapport fan de Veiligheidsraad. Dy hat ûndersyk dien nei it ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea, ferline jier. Dêrby kamen trije minsken om it libben en in fjirdenien rekke swierferwûne.

LTO hat oanjûn mei oare agraryske organisaasjes in platform opsette te wollen. Dat gearwurkingsferbân moat mear omtinken jaan oan it feilich wurkjen mei dong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)