Minister seit neat oer Gea

22 jan 2010 - 11:09

It ferbod op aaisykjen yn gebieten fan It Fryske Gea is in saak fan it Gea en de provinsje. Minister Gerda Verbrug sjocht gjin rol foar harsels yn dy diskusje. Dat seit se yn antwurd op fragen fan de Fryske keamerleden Joop Atsma fan it CDA en Lutz Jacobi fan de PvdA.

Atsma en Jacobi hiene keamerfragen steld oan de minister. Se woene dat Verbrug har útsprekke soe tsjin it ferbod. Dêr fielt de minister dus neat foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)