Minister Schultz: "Gjin bedriging haven Lauwerseach"

11 nov 2015 - 10:31
  • De haven fan Lauwerseach

Minister Melanie Schultz van Haegen sprekt berjochten tsjin dat de haven fan Lauwerseach driget te ferdwinen. Yn in ûndersyksrapport stiet dat hieltiid mear fiskersskippen de haven mije om't dizze min berikber is.

It seegat foar de haven sliket stadichoan ticht. Rykswettersteat baggeret net yn it gebiet, mar de minister wol no ûndersykje litte oft dat dochs barre moat. Der kin neffens Schultz yngrepen wurde, mar dan moat der wol rekken hâlden wurde mei de natuerregels foar it Waadgebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)