Minister Schippers wol soarch krimpregio's behâlde

06 mrt 2015 - 21:39
  • Minister Edith Schippers tegearre mei Diana Monissen fan De Friesland

Minister Edith Schippers wol mei soarchferlieners yn de krimpregio's yn petear om te sjen hoe't de soarch yn dizze gebieten behâlden bliuwe kin. It giet neist Fryslân om Grinslân, Limboarch en Seelân. De Nederlânske soarchautoriteit moat earder jild jaan kinne as de spoedeaskjende soarch sa as akute ferloskunde yn in regio driget te ferdwinen. Tsjerken, ûndernimmers en wolwêzensorganisaasjes wurde frege harren yn te setten mei bygelyks trainingen en aktiviteiten foar âlderein. De minister skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)