Minister: sâltwinning bliuwt

16 mrt 2007 - 14:08

De gas- en sâltwinning yn Noardwest-Fryslân mei net stillein wurde fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De grûn dêr sakket troch de wurksemheden folle gauwer as earder tocht. De gemeente Frjentsjerteradiel en de provinsje wolle de winning stilsette.

It ministearje seit lykwols dat der gjin akute problemen troch de delgong binne. Guon winningseffekten moatte better ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)