Minister Ploumen bringt besite oan lêste 2015 Festival

05 sep 2015 - 22:51

Minister Lilianne Ploumen fan Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking hat sneontejûn in besite brocht oan it 2015 Festival yn Drylts. It duorsumheidsfestival waard foar de allerlêste kear organisearre.

Sûnt 2005 waard it jierliks hâlden om omtinken te jaan oan de acht Milenniumdoelen. Ek waard der jild ophelle foar de realisaasje fan projekten tsjin bygelyks earmoede en sykte. In grut part fan de doelen is de ôfrûne tsien jier folslein of foar in part realisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)