Minister Opstelten nei Fryslân

28 mrt 2011 - 19:07
  • Minister Opstelten bringt in besite oan de plysje en brânwacht

Minister Opstelten fan feilichheid en justysje komt woansdei foar in wurkbesite nei Fryslân. Hy sil op besite by de brânwachtkazerne yn Grou. Dêr komt er yn de kunde mei meiwurkers fan de frijwillige brânwacht.

Opstelten bringt boppedat in besite oan de meldkeamer fan de helptsjinsten yn Noard-Nederlân yn Drachten. Hy is fierders ek te finen yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)