Minister: nije kearslûs breder

01 okt 2014 - 15:24
  • Ofslútdyk

It Ryk soarget der foar dat de nije kearslûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân 42 meter breed oanlein wurdt. Dat hat minister Schulz van Haegen fan Ferkear en Wettersteat bekend makke. Dêrmei komt sy temjitte oan in winsk fan it bedriuwslibben en provinsje Fryslân om sa'n bredere slûs mooglik te meitsjen.

It kostet lykwols nochris 70 miljoen euro ekstra om it hiele slûskompleks sa oan te passen dat bredere skippen der troch hinne komme kinne. En dy 70 miljoen euro soene de regionale oerheden betelje moatte.

Deputearre Sietske Poepjes is bliid mei de tasizzing fan de minister. De tasizzing betsjut dat de belutsen provinsjes en gemeenten no de tiid ha om in oplossing te sykjen foar de frege 70 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)