Minister nei Dongeradiel

30 aug 2006 - 09:42

Minister Veerman komt op 11 oktober nei Fryslân om mear te fernimmen oer de Yntegrale Gebietsûntwikkeling Dongeradiel. Dat is in soart fan brede lânynrjochting wêrby't folle mear as allinnich de lânbou- en natoerbelangen betsjinne wurde.

De oanpak past goed by de nije fyzje op de ûntwikkeling fan it plattelân dy't Veerman fan 't maitiid publyk makke hat. Trije oare regio's wurkje ek sa en Veerman giet dêr ek del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)