"Minister moat rap mei plan foar slûs Koarnwertersân komme"

24 nov 2014 - 15:04
  • De brêge by Koarnwertersân

De Twadde Keamer moat der by de minister op oantrune om mei in plan fan oanpak te kommen foar in bredere slûs by Koarnwertersân. Dat skriuwt brânzje-organisaasje Bouwend Nederland yn in brief oan de Keamer. Dy praat moandei oer wat der de kommende jierren ynvestearre wurde sil yn grutte projekten lykas oanlis fan diken, brêgen en slûzen.

It bedriuwslibben wol graach dat de slûs breder wurdt, sadat ek gruttere skippen der trochkinne. Dat is goed foar de noardlike ekonomy.

Bouwend Nederland begrypt net dat yn de grutte plannen foar it opwurdearjen fan de Ofslútdyk, de oanpak fan de slûs by Koarnwertersân net meinaam wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)