Minister moat nei delgong sjen

06 mrt 2007 - 16:24
  • Frjentsjerteradiel wol de sâltwinning stil lizze litte

Frjentsjerteradiel wol dat minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken fuortendalik de gas- en sâltwinning yn de gemeente stilleit. Yn de brief dêroer noeget BenW de minister ek út om de skea sels in kear te besjen.

Ferline wike waard dúdlik dat de grûndelgong yn de gemeente folle flugger giet as earder berekkene wie. Tongersdei hat it gemeentebestjoer oerlis mei Wetterskip Fryslân oer it probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)