Minister lústert nei plannen

03 maaie 2007 - 20:48

Mear yntegraasje tusken autochtoanen en allochtoanen en bettere opliedings foar jongerein. It binne in pear ideeën om de wyk Heechterp/Skieringen yn Ljouwert leefberder te meitsjen. De wyk is opnommen yn de lanlike list fan 40 probleemwiken. De gemeente krijt jild om de problemen oan te pakken.

Tongersdeitemiddei wie minister Ella Vogelaar fan Folkshúsfesting op besite yn de wiken. Sy lústerde nei de plannen fan de bewenners fan de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)