Minister Klink nei MCL Harns

03 apr 2008 - 20:40
  • Minister Klink fan Folkssûnens

Minister Klink fan Folkssûnens hat tongersdei in besite brocht oan it MCL yn Harns. De minister wie yn it sikehûs om him ynformearje te litten oer de slúting fan de operaasjekeamers. De direksje hat dy koartlyn ticht dien fanwege jildkrapte.

Op it beslút fan de direksje is in soad krityk kaam, ûnder oare fan de húsartsen yn Harns. De minister prate tongersdei mei de ferskate partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)