Minister Kamp stiet sâltwinning ta ûnder it Waad

12 maaie 2015 - 13:37
  • Struisâlt by Frisia Zout yn Harns
  • Waadgebiet

Minister Kamp fan Ynlânske Saken jout grien ljocht foar de sâltwinning ûnder it Waad troch Frisia Sâlt yn Harns. De Waadferiening, de Fûgelbeskerming en Natuermonuminten hiene beswier makke tsjin it beslút de winning ta te stean en it jaan fan in natuerwetfergunning. Sy hawwe op de meast wichtige punten gjin gelyk krige, sa skriuwt Kamp tiisdei oan de Twadde Keamer.

It tiidsrek dër''t de fergunning foar jildt, is beheind ta 2033. Dêr hawwe de natuerorganisaasjes ek op oantrune. De Waadferiening giet yn berop by de Ried fan Steat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)