Minister Kamp nei Ljouwert

05 nov 2006 - 12:15

Minister Kamp fan Definsje komt moandei yn Ljouwert om te sjen hoe't de gemeente optreedt tsjin buertoerlêst. De besite fynt plak yn it ramt fan it tema feiligens. De minister bellet, tegearre mei boargemaster Dales, oan by minsken dy't oerlêst feroarsaakje.

Dizze oanpak fan de gemeente Ljouwert is suksesfol. Buertbemiddeling lost probleemgefallen yn in betiid stadium op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)