Minister frege nei grûndelgong

27 aug 2008 - 17:13
  • Minister Van der Hoeven

Twadde-Keamerlid Lutz_Jacobi (PvdA) wol fan Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken opheldering oer hoefolle de grûn yn Noardwest-Fryslân no krekt fersakke is troch de gaswinning.

Gasbedriuw Vermilion moast tiisdei op oantrunen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken de gaswinning yn it gebiet stillizze. Der is lykwols noch in soad ûndúdlik oer hoefolle de grûn yn it gebiet om Hjerbeam hinne no krekt fersakke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)