Minister foar sâltwinning Waad

10 jul 2008 - 15:34

Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken is foar sâltwinning ûnder it Waad as dat gjin skea oan de natuer opsmyt. Dat skriuwt se oan de Twadde Keamer yn antwurd op fragen fan it CDA.

Sâlt soe op grutte djipte wûn wurde kinne sûnder natuerskea, fynt de minister. De winning smyt gjin ekstra grûndelgong op yn kombinaasje mei de gaswinning ûnder it Waad. It CDA is foar sâltwinning op it Waad, omdat lânwinning mear grûndelgong jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)