Minister De Jager nei Amelân

24 aug 2012 - 13:57

Demisjonêr minister Jan Kees de Jager fan finânsjen is moandei op wurkbesite op It Amelân. Dat is yn it ramt fan de ferkiezingskampanje fan it CDA. It Fryske CDA-Keamerlid Sander de Rouwe en kandidaat-Keamerlid Harry van der Molen gean ek mei.

De CDA-ers sjogge earst by de fernijde strânoergong by Bueren, se gean op besite by in bedriuw en prate dêrnei mei de eilanners. Se sitte middeis fan fjouwer oere ôf op in terras yn Nes, dêr't minsken mei harren prate kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)