Minister De Graaf yn Opsterlân

23 feb 2005 - 17:25

Minister Thom de Graaf hat woansdei in besite brocht oan Beetstersweach. Fjouwer dagen reizget De Graaf troch it lân om te peilen hoe't de Nederlanner tinkt oer de keazen boargemaster.

De mieningen yn Opsterlân rûnen nochal útien. De minister gong ek de diskusje oan mei tsjinstanner Sicko Heldoorn, boargemaster fan Opsterlân. It is noch net wis oft der in keazen boargemaster komt. De plannen moatte noch goedkard wurde troch de Twadde en Earste Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)