Minister bliuwt by sluting

09 okt 2012 - 08:38
  • De Sionsberg

Minister Schippers fan Folkssûnens bliuwt derby dat de ôfdieling bertesoarch fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum ticht moat. Dat skriuwt se yn antwurd op fragen fan de Twadde Keamer-fraksje fan de SP. Dy hie fragen steld nei oanlieding fan it ûndersyksrapport fan de gemeente Dongeradiel nei de problemen by it sikehûs.

Ien fan de konklúzjes wie dat de bertesoarch ticht moat fanwege it jild en net om de minne kwaliteit. De minister is it perfoarst net iens mei de konklúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)