Ministearje leit BFVW twangsom op foar aaisykjen

18 mrt 2016 - 16:29
  • Ljipaai

It ministearje fan ekonomyske saken hat in twangsom oplein oan it BFVW. De wize wêrop't yn Fryslân aaisocht wurdt, strookt net mei de Flora- en Faunawet, seit it ministearje. It BFVW hat twa dagen de tiid om de leden op te roppen op te hâlden mei aaisykjen. Dêrnei moat it bûn 2500 euro per dei betelje as der noch aaisocht wurdt yn kompetysjeferbân, oant in maksimum fan 15.000 euro.

BFVW ferantwurdlik
Neffens it ministearje is it BFVW ferantwurdlik foar it aaisykjen, omdat it bûn it sykjen organisearret. It BFVW seit dat de leden de nêsten yn kaart bringe om se te beskermjen, en dat it wedstriidelemint by it sykjen nedich is om de aaisikers der by te hâlden.

Koördinaasje mist
It ministearje is lykwols fan miening dat it aaisykjen sa as dat no bart, net yn oerienstimming is mei de wet. It kin net allinne nêstbeskerming wêze, dêrfoar is it sykjen net effisjint genôch. Der mist koördinaasje, seit it ministearje.

Wedstrydelemint
It wedstrydelemint by it ljipaaisykjen is problematysk, skriuwt it ministearje oan it BFVW. Elkenien mei in neisoarchpas kin yn alle oanwiisde fjilden sykje. Dat binne 4300 minsken. Fûgelwachters kinne yn de praktyk dus faker op itselde stik lân itselde nêst fine, en dêrtroch wurdt de ljip ûnnedich steurd.

Berop
It BFVW hat seis wiken de tiid om tsjin dit beslút yn berop te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)