Mininmaal 12 sm iis foar tocht

21 jan 2013 - 13:28
  • Reedriders by Earnewâld

IIsklup Lyts Bigjin yn Earnewâld moat foar in toertocht tenei wer foldwaan oan in iisdikte fan 12 sintimeter, ynstee fan de soepele noarm fan 10. Dat wol foarsitter Jan Oostenbrug fan it Frysk IIsbûn foarstelle op de earstfolgjende fergadering fan it bûn, dêr't alle iiswegensintrales by hearrre.

Oostenbrug is lilk oer de reaksje fan de iisklup, doe't it iis op de Jan Durkspolder by Earnewâld freed ôfkard waard foar de toertocht. Se seine dat der dêrtroch in gaos ûntstean soe by it parkearen, mar dat fynt Oostenbrug 'de wrâld op syn kop'.

Foarsitter Age Veldboom fan de iisklup Lyts Bigjin seit yn in reaksje dat er noch altyd fynt dat de toertocht wol trochgean kinnen hie, ek al lei der mar acht sintimeter iis. Der hawwe dit wykein tûzenen reedriders op it iis west en dat iis hat gjin krimp jûn, seit er. Fierders fynt er dat de frijwilligers in geweldige prestaasje levere hawwe troch - ek al wie der gjin tocht- dochs al it ferkear yn goede banen te lieden. Veldboom is it wol mei Oostenbrug iens dat it in grut gefaar is dat minsken tinke dat it bûteniis oeral fertroud is, as der hieltyd yn it nijs is dat der al toertochten hâlden wurde. Dat wie - en is - noch hieltyd net it gefal. Veldboom seit wol dat hy net sels de media socht hat en dat it yn dizze tiid min te stjoeren is wêr't minsken hinne gean. Dêrby ferwiist 'er ek nei de facebookrellen yn Haren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)