"Mingde reaksjes op mooglike komst AZC by Kollum"

02 des 2015 - 12:43
  • De gearkomste fan tiisdeitejûn oer in mooglik AZC yn Kollum

"De helte is foar en de helte is tsjin in AZC op kemping de Poelpleats by Kollum." Dat is de ynskatting fan Kollum-kenner Wieger Rekker dy't jierrenlang foar de streekkrante wurke yn it doarp.

Rekker is no fraksjefoarsitter fan de FNP yn de ried. Hy wie der tiisdeitejûn by doe't de eigener fan kemping de Poelpleats bekend makke dat hy it COA benadere hat foar de opang fan asylsikers op dat plak. De kemping is dêrfoar yn it ferline ek brûkt en dat smiet doetiids yn earste oanset in soad ferset op yn it doarp.

Mar dy skiednis hat west, seit Rekker. As FNP'er sit hy net te wachtsjen op in AZC. Ek sjoen it grutte oantal lokaasjes om de gemeente Kollumerlân hinne dêr't AZC's binne of komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)