Mingde reaksjes op foksebeslút

04 des 2013 - 16:29

De faunabeskerming is bliid mei de útspraak fan de Ried fan Steat dat de jacht op foksen mei ljochtbakken ferbean bliuwt. Neffens de faunabeskerming leit it net oan de foks dat it sa min giet mei de greidefûgels yn Fryslân, mar oan de wize fan buorkjen troch de boeren.

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is teloarsteld oer de útspraak fan de Ried fan Steat. Foarsitter Rendert Algra neamt it beskermjen fan greidefûgels yn Fryslân no 'dweilje mei de kraan iepen."

Der mei allinne noch oerdeis op de foks jage wurde. De provinsje hie graach wollen dat dat ek op oare tiden mei ljochtbakken kinnen hie, mar de Ried fan Steat hâldt dat tsjin fanwege in Benelux-regel. Dizze ynternasjonale regeljouwing giet boppe de regels yn Nederlân, dy't de foksejacht mei ljochtbakken wol tastiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)