Mingde reaksjes oer Thialf

25 aug 2013 - 16:52
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean kriget gjin nije kâns op de topsportstatus by it mooglik opstappen fan Doekle Terpstra as KNSB-foarsitter. Dat seit PVV-fraksjefoarsitter Otto van der Galiën yn provinsjale steaten. De rjochter hat ein july besletten dat Icedôme yn Almere de topsportstatus krije moat. De KNSB en NOC*NSF kinne dêr neat mear oan feroarje.

PvdA-steatelid Jornt Ozenga hopet wol dat Thialf wer as winner yn byld komt, as bliken docht dat de lederied fan de KNSB woansdeitejûn it betrouwen yn Terpstra opseit.

Terpstra moat him woansdei ferantwurdzje foar syn optreden by de 'wedstriid' tusken Thialf, Almere en Zoetermeer om de topsportstatus te krijen. Ofrûne sneon sei ien fan de trije Fryske leden fan de lederied, Johannes de Vries fan Grou, dat er eins gjin betrouwen mear hat yn Terpstra as KNSB-foarsitter. PVV-er Van der Galiën fynt ek dat Terpstra opstappe moat. Ozenga fan de PvdA docht dêr gjin útspraak oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)