Mingde reaksjes Leeghwater

12 sep 2013 - 06:14

De premjêre fan it teaterspektakel Leeghwater levere woansdeitejûn mingde reaksjes op fan it publyk. Moaie bylden en muzyk, mar dreech te folgjen. It stik wurdt opfierd op it wetter oan de waadkant fan de Ofslútdyk by Breesândyk.

Leeghwater, spile troch kabaretier Bert Visscher, is in útfiner dy't in enerzjysintrale ûntwikkele hat. Dizze sintrale makket enerzjy troch swiet en sâlt wetter te mingen. Hy wol de sintrale graach yn gebrûk nimme, mar ien fisker leit dwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)