Mingde reaksjes Het Poortje

23 apr 2012 - 16:32
  • Aksje tsjin komst Het Poortje

It oergean fan jeugdfinzenis Het Poortje op It Hearrenfean ropt mingde reaksjes op. Boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean is teloarsteld. Het Poortje hie in soad nije banen opsmiten. Boppedat hat it ek finansjele gefolgen foar de gemeente, omdat dy mei de oankochte grûn sitten bliuwt.

De bewenners fan de wyk dêr't Het Poortje komme soe, binne bliid dat it net trochgiet. Se wiene benaud dat kriminele jeugd yn de wyk omhingje soe. In aksjegroep besocht de komst fan de jeugdfinzenis op te kearen.

De direksje fan Het Poortje makke moandei bekend dat it hiele projekt op It Hearrenfean net trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)