Mingde gefoelens yn Oerterper Fallaat oer rekonstruksje

18 aug 2015 - 19:24
  • De ynformaasjejûn oer de rekonstruksje by Oerterper Fallaat
  • Trasee fan de eastlike ynfalsdyk
  • Tekeningen fan de plannen waarden kritysk besjoen

Omwenners fan Oerterper Fallaat yn Drachten hawwe mingde gefoelens oer de plannen fan de gemeente mei de dyk. De eastlike yngong fan Drachten wurdt foar 5 miljoen euro opknapt. Troch de oanlis fan nije rotondes en it ferlizzen fan de dyk moat it ferkear dêr better trochstreame. Ek komt der in transferium foar bussen. Dat moat foar mear rêst soargje op it busstasjon yn it sintrum.

Op in ynformaasjegearkomste kamen tiisdei tsientallen omwenners ôf. Sy binne der net bliid mei dat de dyk tichteby de huzen komt.

Ek sitte de minsken yn noed oer de oerlêst dy't se hawwe sille fan it wurk dat dien wurdt. It wurk begjint as alles goed is begjin takom jier. Ein 2016 moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)