Mingde gefoelens by D66-Fryslân

04 apr 2005 - 11:15

De Fryske D66-leden sjogge mei mingde gefoelens werom op it partijkongres fan de partij yn Den Haach. Foarsitter Dirk van der Berg fan D66-Fryslân fynt dat de partij in goeie beslissing naam hat. Hy is ek tefreden oer de wize dêr't de diskusje op fierd is.

It iennichste Fryske steatelid fan D66, Johan Sieswerda, is teloarsteld. Hy hie leaver wold dat D66 út it regear stapt wie. Sieswerda leit him lykwols del by it beslút om't it demokratysk naam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)