Minerva ek yn Ljouwert

10 maaie 2010 - 20:42
  • Minerva Grins

De keunstakademy Minerva yn Grins begjint yn augustus mei in foaroplieding byldzjende keunst en foarmjouwing yn Ljouwert. Oant no ta wie dy foaroplieding allinnich te folgjen yn Grins. MBO- en HAVO-studinten yn it eksamenjier kinne harren opjaan foar de foaroplieding.

As de studinten nei de kursus in positive beoardieling krije, hoege se gjin talittingseksamen te dwaan. Alle oare studinten moatte dat wol. De kursus kostet 690 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)