Minderjierrige Feanster jonges oppakt foar 16 saken

07 des 2015 - 14:21

Mei de oanhâlding fan twa jonges fan 14 en 17 jier fan It Hearrenfean hat de plysje 16 stellerijen yn bedriuwen en oare gebouwen oplost. It duo waard begjin novimber op 'e died trappearre by in ynstelling. Se hiene jild stellen fan in besiker. De 17-jierrige jonge waard fuortendaliks oanhâlden, syn maat in dei letter. Ut ûndersyk die bliken dat it duo tusken augustus en novimber by 16 stellerijen belutsen wie. Se hiene it benammen foarsjoen op jild. By in moskee waard in laptop stellen. Der is proses-ferbaal tsjin harren opmakke.

De dieven krigen help fan twa oare minderjierrige jonges. Tsjin ien fan harren is proses-ferbaal opmakke, tsjin de twadde hie de plysje te min bewiis om him fierder ferfolgje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)